Bestjoerder brommobyl slim ferwûne by ûngelok op Harnzerstrjitwei Ljouwert

10 jan 2020 - 14:36

Op de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert is freedtemiddei in slim ûngelok bard tusken in brommobyl en in auto. De 81-jierrige bestjoerder fan de brommobyl, út Dronryp, is út de auto slingere en op de dyk belâne.

Foto: AS Media

Hy is mei slimme ferwûningen oerbrocht nei it sikehûs. De plysje is in ûndersyk begûn nei de tadracht fan it ûngelok. Ferskate helptsjinsten, wêrûnder in traumahelikopter, waarden oproppen.

(advertinsje)
(advertinsje)