BoppEslach yn besunigings

De Fryske MKB bedriuwen dogge mei oan it projekt BoppEslach. It is in unyk projekt om enerzjy te besparjen yn de bedriuwen. Doel fan it projekt is om it gedrach fan de meiwurkers te feroarjen. Dy moatte sels mei plannen komme om enerzjy te besparjen. En it mei net gean om grutte technyske feroaringen. Ut al dy plannen wurde de bêste keazen en dy krije in priis.
Neffens de inisjatyfnimmers fan BoppEslach kin in bedriuw samar tûzenen euro's yn it jier besparje troch oare gewoanten.