SC Hearrenfean wint oefenwedstriid tsjin Llagostera

SC Hearrenfean hat it trainingskamp yn it Spaanske Girona ôfsletten mei in oerwinning op UE Llagostera. De ploech, dy't útkomt yn de Segunda División B, waard mei 2-1 ferslein.
© SC Hearrenfean
De doelpunten fan SC Hearrenfean waarden makke troch Hicham Faik en Alen Halilovic. Foaral de winnende fan Halilovic wie in 'beauty'. De 23-jierrige Kroatyske middenfjilder skeat de bal fan 20 meter perfekt yn de krusing.
Hearrenfean kaam earst op efterstân troch Mamadou Kanteh Danjo. Mar nei 20 minuten kaam de ploech fan Jansen alwer op likense hichte. Hicham Faik benutte in strafskop, neidat der earder in oertrêding op Ejuke makke wie.
Yn de 70ste kaam de winnende treffer fan de foet fan Halilovic. In kertier foar de ein krige Llagostera noch in strafskop, nei in ûngelokkige handsbal fan de 15-jierrige Timo Zaal. Mar Bednarek koe de ynset keare.
Op sneon 18 jannewaris ferfettet SC Hearrenfean de kompetysje mei de útwedstriid tsjin Feyenoord.
Opstelling SC Hearrenfean:
Earste helte: Hahn, Van Rhijn, Hoegh, Dresevic, Woudenberg, Kongolo, Faik, Veerman, Van Bergen, Bruijn en Ejuke.
Twadde helte: Bednarek, Floranus, Zaal, Skovgaard, Van Hau, Nunumete, Akujobi, Hajal, Halilovic, Smit en Van der Heide.