FNP-fraksje Hearrenfean wol maatregels tsjin fjoerwurkoerlêst
De FNP-fraksje yn de gemeente Hearrenfean wol by earstfolgjende riedsgearkomste in moasje yntsjinje foar maatregels tsjin fjoerwurkoerlêst. "Ek yn de gemeente Hearrenfean moat wat barre oangeande it ôfstekken fan fjoerwurk", seit fraksjefoarsitter Ate Eijer.
"Sa't it no giet, kin it net langer." Eijer is him derfan bewust dat it ôfstekken fan fjoerwurk in tradysje is dy't past by de ein fan it jier, mar de FNP fynt ek dat der oare belangen binne. "As je sjogge dat der hieltyd mear minsken klachten hawwe oer it ôfstekken fan fjoerwerk, is it dúdlik dat der wat barre moat."
Neffens Eijer hat dit te krijen mei de mentaliteit en it gedrach fan minsken, mar ek mei hanthavening. "Jo kinne de ferkeap fan fjoerwurk wol ferbiede, mar yn België en Dútslân bliuwt it gewoan te keap. Dus jo moatte derfoar soargje dat it gebrûk, of it ûneigentlik gebrûk fan it ôfstekken fan fjoerwurk, keard wurdt."
Dit betsjut neffens de FNP dat der nij belied komme moat, mar ek dat der folle mear ynset wurdt op hanthavening. De FNP wiist der dêrby wol op dat der foar it sjitten fan karbid al wol goede regeljouwing bestiet. "It kin dus wol en mei it legaal sjitten mei karbid is dan ek neat mis", seit Eijer.