Auto yn de brân by tankstasjon Broeksterwâld
By in tankstasjon oan de Haadwei yn Broeksterwâld is freedtemiddei in auto yn de brân flein. It fjoer waard mei brândwêsters fan it tankstasjon útmakke.
De brânwacht hat it motorblok fan de auto foar de wissichheid neidwêsten. De motor fan de auto hat in soad skea oprûn.