Deade swannen Rottum binne net delsketten

De deade swannen dy't ferline wike by Rottum fûn waarden, binne net delsketten. Dat meldt de plysje. Ut ûndersyk docht bliken dat de bisten tsjin in heechspanningsmêst flein binne.
Deade swan by Rottum © @JanBT4 op Facebook
De plysje en Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) hawwe de bisten ûndersocht. Earder waard tocht dat de bisten delsketten wiene, mar dat is dus net it gefal. De opfallende ferwûningen by de swannen kamen trochdat sy oanfretten wiene troch mûzen en oare bisten.