Freedsmerk oer misstannen op de Weaze

10 jan 2020 - 13:39

Ljouwert kaam fan 'e wike negatyf yn it nijs fanwege mooglike misstannen yn de prostitúsje op de Weaze. De stêd wurdt sels sjoen as it ôffierputsje fan de prostitúsje yn Nederlân. Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de mieningen ferdield oer it ferbieden fan de aktiviteiten dêr.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ien neamt as oplossing: "Dat is dweile mei de kraan iepen. As jo it dêr slute, begjint it earne oars wol wer." In meistanner heakke dêr noch oan ta: "It is it âldste berop fan de wrâld, wat wolst dan?" In oar fûn dat de froulju dêr goed wurk dogge, dêr't ek ferlet fan is. "As dy froulju der net mear binne, krije je noch mear 'viezerikkerij'!"

Ek it feit dat mannen mei in beheining dêr geregeld te finen binne, wie foar immen reden om it net te ferbieden. Wol wie elkenien dúdlik dat gemeente de regels hanthavenje moat om misstannen tsjin te gean. Mar sa 'fersuchte' immen: "Al die regels, ik weet niet hoor. Daar moet dan ook weer toezicht op zijn. En er is al helemaal geen mankracht..."

René Koster prate op de freedsmerk oer de misstannen op de Weaze

(advertinsje)
(advertinsje)