Auto bedarret yn sleat op A7 by Fryske Peallen

10 jan 2020 - 13:01

Op de A7 tusken Fryske Peallen en Mearum is freedtemiddei in auto fan de dyk rekke en yn de sleat bedarre. It is net dúdlik oft der ien ferwûne rekke is.

Foto: De Vries Media

De brânwachtkorpsen fan Mearum, Grins en Drachten kamen op it ûngelok ôf. Der waard ek in traumahelikopter oproppen, mar it die bliken dat dy net nedich wie. De dyk wie koarte tiid ôfsletten, mar it ferkear kin der yntusken wer del.

Trefwurden: 
ûngelok A7 Fryske Peallen
(advertinsje)
(advertinsje)