Fjirde plak foar ROC Friese Poort yn MBO Keuzegids

10 jan 2020 - 12:11

ROC Friese Poort stiet op it fjirde plak yn de Keuzegids MBO foar 2020. Dy Keuzegids is freed útkaam. De skoalle is dêrmei it heechste ROC fan Fryslân op de list fan gruttere ROC's mei mear as 10.000 studinten.

ROC Friese Poort - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De belangrykste reden fan dizze goeie normearring is it oardiel 'goed' fan de Onderwijsinspectie yn 2019 foar de kwaliteitssoarch en de ambysje fan de organisaasje. Benammen de ferbining dy't it ûnderwiis makket mei it regionale bedriuwslibben, de ynnovaasjes yn it ûnderwiis en de begelieding fan de studinten waard troch de ynspeksje tige wurdearre.

It fjirde plak yn de keuzegids is fierder te tankjen oan it hege persintaazje studinten dy't slagje. It tal útfallers leit leger as lanlik, en dêrtroch helje mear studinten harren diploma.

Tolve opliedingen fan de Friese Poort krije it stimpel 'Topopleiding 2020' yn de Keuzegids. Dat binne der twa kear safolle as in jier lyn.

(advertinsje)
(advertinsje)