McDonald's wol fêstiging yn Dokkum iepenje

10 jan 2020 - 11:59

McDonald's wol in fêstiging yn Dokkum iepenje. De fastfoodketen hat dêrfoar in fersyk yntsjinne by de gemeente Noardeast-Fryslân. It restaurant soe oan de râne fan de stêd komme moatte, by in carpoolplak by de krusing fan de N361 en de N356.

Foto: Google Street View

Alle nedige prosedueres moatte noch trochrûn wurde, mar it kolleezje fan Noardeast-Fryslân hat der al wol mei ynstimd. De gemeenteried sil it foarstel op 23 jannewaris behannelje.

Jongeren út de stêd hawwe earder fia sosjale media oproppen om in McDonald's te iepenjen yn de stêd.

Trefwurden: 
Dokkum McDonald's
(advertinsje)
(advertinsje)