Starumer (68) nei treinynsidint wer frijlitten; ûndersyk sletten

10 jan 2020 - 11:13

De 68-jierrige man dy't tongersdei oppakt waard yn ferbân mei de oantroffen jerrycan yn de trein fan Starum nei Ljouwert is wer thús. De man is tongersdeitejûn troch famyljeleden ophelle. Hy is gjin fertochte mear, seit de plysje. Se hawwe it ûndersyk sletten.

De plysje is derfan oertsjûge dat de Starumer net de yntinsje hie om wat strafbers te dwaan. Minsken út syn omjouwing binne bot skrokken. Se sizze ek dat de man gjin kwea yn it sin hie en dat der fan it besykjen ta brânstifting gjin sprake wêze kin.

Al seit in famyljelid dat de man koartlyn in harsenblieding hân hat en dat hy dêrfan in aardige tik krigen hat. Hy soe saken ferjitte en somtiden ek wat betize wêze. De fertochte jerrycan soe neffens it famyljelid in grut blik fan fiif liter wêze, mei dêryn âlde benzine. Om foar te kommen dat der wat útfalle koe hie de Starumer it blik ôfplakt mei tape.

Foto: Omrop Fryslân, Maarten Bruining

Om 10.45 oere waard it blik, earder waard sprutsen fan in jerrycan, oantroffen yn de trein. Tsjûgen fûnen de sitewaasje fertocht en warskôgen de helptsjinsten. De Starumer waard op it stasjon fan Ljouwert oanhâlden. Om't de plysje net fuortendaliks sjen koe om hokker stof oft it gie, waard it stasjonsgebiet ôfset. Al it treinferkear fan en nei Ljouwert waard stillein.

De EOD, de Explosieven Opruimingsdienst, waard ynskeakele om it blik te ûndersykjen. Om 15.15 oere waard it sein jûn dat alles wer feilich wie en koe it treinferkear stadichoan wer op gong komme.

"Veiligheid staat altijd voorop"

De plysje stiet achter har beslút om sa grut op te skalen. Der is in ôfwaging makke op basis fan wat der oantroffen waard, seit plysjewurdfierder José van Gijssel. "Het gaat om een verdacht voorwerp op een druk station. Dan staat de veiligheid altijd voorop. We konden niet uitsluiten dat het ongevaarlijk was. We moesten het gebied wel ontruimen."

Trefwurden: 
Ljouwert Starum treinstasjon
(advertinsje)
(advertinsje)