Kringloop en biblioteek Drachten sille kompjûterles jaan

10 jan 2020 - 09:48

De biblioteek fan Drachten sil fergees kompjûterles jaan yn kringloopwinkel Hart in Friesland yn Drachten. De kringloopwinkel en de biblioteek binne fan plan yn de takomst net allinnich kompjûterlessen, mar ek taallessen oan te bieden.

Foto: Bibliotheek Drachten

De kursus is foar minsken dy't graach mear mei de kompjûter dwaan wolle, mar net sa goed witte hoe't dat wurket. Sa leare se bygelyks hoe't se omgean moatte mei de kompjûter, mar ek e-maile en ynternette. De wyklikse kursus set útein op 21 jannewaris.

(advertinsje)
(advertinsje)