Sander Arends mei oare dûbeldmaat nei Australian Open

10 jan 2020 - 09:06

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert is, in wike foar de start fan it Australian Open, wiksele fan dûbeldmaat. Arends soe it toernoai spylje mei Cheng-Peng Hsieh út Taiwan, mar it die tongersdeitenacht bliken dat se dan net heech genôch stean foar direkte pleatsing. Dêrom sil Arends no mei de Litouwer Ricardas Berankis meidwaan oan it Australian Open.

Foto: Orange Pictures

Arends spilet op dit stuit, as tarieding op it toernoai yn Melbourne, twa lytsere toernoaien yn Australië mei de Taiwanees Hsieh. Dat wie ek mei it each op de gearwurking op de Australian Open. Mar om't der mear dielnimmers út it inkelspul ek meidwaan wolle oan it dûbeldspul, is der minder romte foar dûbeldspesjalisten lykas Arends en Hsieh.

As Arends en Hsieh harren tegearre ynskreaun hiene, wiene sy tredde reserve west. Mei de Litouwer Berankis komt Arends daliks it toernoai binnen.

Utskeakele yn heale finale

Yn tarieding op it Australian Open spile Arends dizze wike in challengertoernoai yn Bendigo. Dat toernoai soe eins yn de haadstêd Canberra wêze, mar waard ferpleatst troch de boskbrannen yn Australië.

Arends en Hsieh hellen de heale finale, mar ferlearen dêryn fan de Australiërs Luke Saville en Max Purcell. It waard 1-6 6-2 en 10-7 foar de Australiërs. Takom wike spylje Arends en Hsieh noch in challenger yn Bendigo. In wike letter stiet dan de Australian Open op it programma.

(advertinsje)
(advertinsje)