Earste jûn Friesian Proms, mei The Flying Frenchman, lûkt soad publyk

De fyfde edysje fan de Friesian Proms gie tongersdeitejûn fan start yn it WTC yn Ljouwert. Fryske hynders spilen dêrby wer de haadrol. Ferskate artysten diene mei oan de show, ûnder wa DI-RECT-sjonger Marcel Veenendaal en Elske DeWall. Hichtepunt fan de jûn wie foar in soad minsken Lorenzo, The Flying Frenchman.
Foarutsjen op de Frisian Proms
It is de earste kear dat alle trije dagen fan it evenemint útferkocht binne. Ek tongersdei wie it folle bak. "It wurdt in populêr evenemint en in soad Friezen wolle derfan genietsje", fertelt Marijke Akkermans fan de organisaasje.
De drokte is neffens Akkermans wol te behappen. "We witte no wol hoe't it moat. Der binne in soad bedreaune minsken by belutsen." It bysûnderste optreden fynt se dat fan Lorenzo, The Flying Frenchman en syn 12 hynders. "It is manjefyk wat dy man kin. Hy stiet los op de hynders en hat allegear hynders om him hinne. In soad hynderminsken binne fan him ûnder de yndruk."
Beharkje hjir wat de besikers it moaiste ûnderdiel fan de Friesian Proms fûnen