Kollum: "De boargemaster nei skoalle"

10 jan 2020 - 08:38

"Alle skoallen yn Drachten binne útnûge troch de boargemaster foar in petear om te hearren hoe't it mei de learlingen giet. De jeugd bringt dêr in grut diel fan har libben troch mar de boargemaster ropt de âlden ek op om goed yn de gaten te hâlden wat de bern útfine, troch te freegjen wêr't se hinne gean of wat har dwaande hâldt. De oanlieding hjirfoar binne de stekpartij en in berôving yn Drachten dy't dien binne troch jongerein rûn de 16 jier en it feit dat jonge minsken soks dogge, fertsjinnet oandacht.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Mar net allinnich it feit dat jonge minsken dit dogge fertsjinnet oandacht. Alle bern fertsjinje oandacht, fan de earste dei ôf as se op dyn earm lizze oant de dei datst sels de lêste azem útblaast, en dat is in hiel skoft! Betiden ha ik wolris it idee dat hieltyd minder minsken hjirby stilstean en de ferantwurding fan it opfieden leaver by in oar dellizze, lykas by de skoalle.

Ik kin de achtergrûn net fan de bern dy't de misdieden yn Drachten dien ha, dus dêr giet it no ek net oer. Wat my fernuvere wie de grutte rol dy't de boargemaster de skoallen tadielt yn it stik dat yn 'e krante stie. 'Wêrom net earst nei de âlden?' tocht ik doe't ik it lies. En dan bedoel ik de âlden yn it algemien.

Mar de kâns is grut dat in soad âlden net thús binne, want thús wêze by de bern is út 'e tiid. Allinnich in achterlike loaiwammes docht soks noch, ast ôfgiest op guon útspraken dy't we hjoeddeis wol gauris hearre oer it krijen fan bern, it opfieden en wurkjen, wylst de klam dan benammen leit op betelle wurk.

Ik kin it my noch heuge dat der ris in boek skreaun is troch immen dy't fûn dat de froulju yn ús lân bedoarne prinsessen binne om't se faak parttime wurkje of hielendal gjin wurk ha, omdat se by de bern wêze wolle. Ik siet doe ek thús mei fjouwer bern en begriep it net. Tocht sa'n frommes no dat ik moarns in pear kear yn myn hannen klapte en alles foar de rest fan de dei oan kant wie, of sa?

Sokke opmerkings binne geandewei de jierren hinne sa faak makke troch allerhande minsken en mediakanalen en ik ha my gauris ôffrege hoe grut dy ynfloed fan bûtenôf is op de fûneminten fan de húshâldings yn ús lân en dan bedoel ik ek de moderne farianten. Ien mem, twa heiten of twa memmen en ien heit; as der bern binne, dan sil der op past wurde moatte.

Bern grutbringe is net eat datst efkes tusken de bedriuwen troch dochst, krekt as in húshâlding fatsoenlik op poaten hâlde en hast der likefolle wurk fan as immen dy't der al foar betelle krijt. En dan noch seit al it boppesteande neat oer de âlden fan de jonge misdiedigers want miskien ha dy wol alle tiid en oandacht foar de bern hân, mar ek dat is gjin garânsje foar gelok.

Neat is in garânsje foar in libben sûnder tûkelteammen of krisissitewaasjes en elts minske, jong of âld, kin ûntspoare. Dochs is it wol sa dat ús maatskippij hieltyd drokker en ûnoersichtliker wurdt en sels folwoeksen minsken fine it net altyd maklik om har deryn steande te hâlden, lit stean ús jeugd.

Ik hoopje dat de boargemaster der achter komt hoe't it mei de soarch foar de learlingen giet en dêr wat mei docht as it nedich is. Tagelyk hoopje ik ek dat er de âlden net ferjit want dy kinne grif ek wol wat stipe brûke."

(advertinsje)
(advertinsje)