FRL Post daget Sandd en PostNL foar de rjochter

10 jan 2020 - 07:40

De Vereniging Franchisenemers van Sandd (VFS), dêr't ek it Fryske FRL Post ûnder falt, daget Sandd en PostNL foar de rjochter. Neffens VFS litte de postbedriuwen by harren fúzje alle belutsen franchisenimmers falle.

FRL Post - Foto: FRL Post

Op 1 febrewaris sille Sandd en PostNL fusearje. Troch dy fúzje sille 3.000 postbesoargers harren baan kwytreitsje. VFS hâldt Sandd en PostNL ferantwurdlik foar de dêrtroch ûntstiene skea.

De franchisenimmers fan VFS betsjinje nei eigen sizzen mear as 20 persint fan it netwurk fan Sandd. Se sizze dat franchiseoerienkomsten tuskentiids net mear neikaam wurde.

VSF hat al útgongspunten foar it bepalen fan de skea foarsteld, mar Sandd soe dy omsile wolle troch der by de yndividuele franchisenimmers oare útgongspunten troch te drukken.

PostNL betreuret de situaasje en seit al lange tiid te besykjen om yn petear te gean mei VFS. Dy soe lykwols te bot fiksearre wêze op finansjele kompensaasje en dêrtroch de belangen fan meiwurkers ferjitte. De tiid driuwt lykwols, want mei 1 febrewaris hâldt it Sandd-netwurk op mei bestean.

(advertinsje)
(advertinsje)