Lollumer greidhoekekatedraal moat multyfunksjoneel 'Thús' wurde

09 jan 2020 - 23:30

De saneamde greidhoekekatedraal fan Lollum moat yn 'e takomst in 'Thús' wurde foar doarpsbewenners én toeristen, mei útfanhûzersplakken, in winkel mei streekprodukten en keunst.

Yn de tsjerke fan Lollum - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Dat is de kearn fan it winnende plan foar de âlde grifformearde tsjerke yn it doarp, dy't al jierren leechstiet. Omdat it doarp wrakselet mei it gebou en mar net fierder komt, presintearre it EO-programma NieuwLicht tongersdei leafst trije takomstplannen. De greidhoekekatedraal siet by dy gelegenheid foar it earst yn jierren fol.

Multyfunksjonele bestimming

Konservator Lieke Wynia fan it Museum Catherijneconvent yn Utrecht presintearre it winnende plan 'Thús'. Krekt omdat de tsjerke sa grut is, wol se it gebou in multyfunksjonele bestimming jaan mei foar romte foar foarsjennings dy't it doarp no net hat. It plan krige de measte hannen opinoar fan sjuery en doarpsbewenners.

It plan 'Thús' moat goed 700.000 euro kostje. Mei it plan is it jild der noch net. It wachtsjen is op in ûndernimmer dy't deryn stappe wol of yn alle gefallen it plan lûke wol.

Liuwe Westra fan de Stichting Greidhoekekatedraal wie fol lof oer de trije plannen. "Hiel kreatyf mei nijsgjirrige ideeën. Dêr kinne we fierder mei." Ek syn foarkar giet út nei it plan 'Thús'. "Ik tink dat dêr it measte draachflak foar is."

Lieke Wynia oer it priiswinnende plan foar de Greidhoekekatedraal

De grifformearde tsjerke fan Lollum - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Foar in twadde plan om fan de tsjerke in ruïne te meitsjen mei iepen dak, mei dêrby in binnentún en sêre foar 'stilte en kontemplaasje' hiene de Lollummers minder wurdearring. "Dat liket my mear wat foar de stêd. Stilte en romte hawwe we hjir genôch", seit Jikke Akkerman. Foar har en in soad oare doarpsbewenners jildt dat se graach it gebou behâlde wol en dan it leafst sa, dat it doarp der ek noch wat oan hat.

Efterstallich ûnderhâld

De tsjerke is ûnderbrocht yn de Stichting Greidhoekekatedraal, dat oprjochte is om in nij doel foar it godshûs te finen. Dat foel noch net ta, om't der efterstallich ûnderhâld oan de tsjerke is. Ek krige de stichting nul op it rekest fan it Waddenfonds, dêr't sy om stipe frege hiene.

Dochs moat de tsjerke neffens in soad minsken wol behâlden bliuwe. It is in monumintaal pân en boppedat slute hieltyd mear grifformearde tsjerken de doarren. Oan de tsjerke yn Lollum is net in soad feroare sûnt de bou yn 1915. It lêste grut ûnderhâld is alwer sa'n 50 jier lyn útfierd.

'Konstruktive sjoernalistyk'

Foar de EO is de ekspedysje nei Lollum ek in nij aventoer dat útfierd wurdt yn it ramt fan 'konstruktive sjoernalistyk'. "Normaliter maak je als omroep reportages over een probleem. Wat we nu proberen is om op zoek te gaan naar een oplossing", fertelt presintator Tijs van den Brink. "Je kunt wel gaan somberen over lege kerken, maar ik vind het zinvoller om na te denken wat je er mee zou kunnen doen."

Jikke Akkerman oer de Greidhoekekatedraal

Trefwurden: 
Greidhoekekatedraal Lollum
(advertinsje)
(advertinsje)