"Te min omtinken foar de amateurkeunst yn nij provinsjaal belied"

Yn de nije provinsjale kultuernota is te min omtinken foar de amateurkeunst. Dizze soarch uteren Keunstwurk en de OMF (Organisaasje Muzykferienings Fryslân) tongersdeitejûn op in gearkomste fan de Provinsjale Steaten oer de nije kultuernota Nij Poadium. Ek it Fries Museum hat soargen.
Nij Poadium © Provinsje Fryslân
Der moat mear jild by, as se it lanlike nivo fan de lêste jierren fêsthâlde wolle. Boppedat is it museum benaud dat troch de fersnipeling fan it nije belied se in soad ferskate oanfragen dwaan moatte yn stee fan ien.
Der binne grutte feroaringen op komst foar kultureel Fryslân. Yn it nije kultuerbelied krije kulturele organisaasjes net mear as fanselssprekkend in subsydzje, mar moatte eltse fjouwer jier in oanfraach dwaan. In spesjale kommisje beoardielet dan oan de hân fan kritearia dy't fuortkomme út de nije nota wa't subsydzje krijt. Der binne acht temagebieten dêr't makkers en organisaasjes in oanfraach dwaan kinne, sa as ynnovaasje en eksperimint, keunst yn 'e mienskip en sterke ynfrastruktuer.

Amateurkeunst

"Yn it besteande belied binne der spesjale regelingen foar de amateurkeunst, mar dy ferdwine aanst", fertelt Douwe Zeldenrust, direkteur fan Keunstwurk. "Yn it nije plan is der wol in stimulearringsregeling, mar dat giet om heechsteande artistike produksjes." Zeldenrust hopet dat de nota oanpast wurdt. "It soe noflik wêze as yn dizze nije regeling der in apart budzjet earmerke wurdt foar amateurkeunst."
Douwe Zeldenrust fan Keunstwurk

Soargen Fries Museum

It Fries Museum hat ek soargen. "Onze ambities komen overeen met al die verschillende programma-onderdelen van de nieuwe nota. Hoe gaat het aanvragen precies in zijn werk als je al deze ambities wilt afdekken?", freget Kris Callens as direkteur fan it Fries Museum him ôf. Hy hopet dat hy ien plan yntsjinje kin en net allegearre ferskillende. "Ik vraag niet om een uitzonderingspositie, maar ik vertolk een vraag voor het hele culturele veld. Het speelt ook bij anders zoals Tryater."
Callens liet in pear wike lyn ek witte dat it Fries Museum mear jild nedich hat om it hege lanlike ambysjenivo fan de lêste jierren fêst te hâlden. Dat jild hoecht neffens him net allinnich út de kultuernota te kommen. Hy hat petearen mei de provinsje en ek de gemeente Ljouwert om te sjen oft der ek jild foar it museum komme kin út de potsjes fan ekonomy en toerisme.

Deadline

De Steaten stimme oer twa wiken oer de nije nota. Ek al is it neffens planning, it is krekt op tiid. Fan febrewaris ôf dan kinne makkers en organisaasjes harren plannen yntsjinje foar 2021 ôf. Dy wurde dan beoardiele en foar de simmer moat dan dúdlik wêze wa't der allegearre jild krije.
Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum
Nij Poadium is it nije kulturele belied fan de provinsje Fryslân foar de perioade fan 2021 oant en mei 2024. Ien fan de doelen is om mear kânsen te jaan aan makkers en organisaasjes dy't lestich in provinsjale subsydzje krije kinne, mear te fernijen en de ûntwikkelingen fan LF2018 fêst te hâlden. De provinsje ynvestearret goed 3 miljoen euro ekstra yn kultuer boppe-op it besteande budzjet.