It Fean wol oars oanbesteegje

10 jul 2012 - 16:51

De gemeente Hearrenfean wol ôf fan it iepenbier oanbesteegjen. Te faak giet it mis mei grutte bedriuwen dy't gjin bining ha mei de omjouwing en der fia juridyske konstruksjes foarwei draaie. De gemeente wol sa de lokale ûndernimmers mear kâns jaan.

De gemeente docht no earst in pilot mei in stik dyk by Jobbegea dat opknapt wurde moat. As dat goed ferrint, wol de gemeente yn de takomst faker ûnderhânsk oanbesteegje. By projekten ûnder de twa miljoen euro mei dat. By gruttere projekten kin in gemeente it ek yn lytsere parten opdiele.

Trefwurden: 
Hearrenfean oanbesteging
(advertinsje)