De fiifde Friesian Proms: sneon te sjen by Omrop Fryslân

09 jan 2020 - 22:52

De fiifde edysje fan Friesian Proms wurdt tongersdei en freed holden yn in útferkocht WTC yn Ljouwert. Beide jûnen is der in kombinaasje fan muzykoptredens en hynsteshows. Omrop Fryslân stjoert sneontejûn om 18.15 in kompilaasje fan de shows út op telefyzje.

Der binne artysten lykas Elske DeWall, Marcel Veenendaal fan Di-Rect en The Symphonic Music Connection te sjen. Dat is net it iennige, want der binne ek spektakulêre ljocht- en lasershows en boppe-al tal fan optredens mei hynders.

Wannear is wat te sjen?

  • Sneon 11 jannewaris om 8.30 oere: de Hynstekeuring live op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Jo kinne reagearje fia de Omrop-app. Oanslutend is der fan 18.15 ôf in kompilaasje fan de Friesian Proms te sjen, dy't elts oere op 'e nij útstjoerd wurdt.

By de bylden fan de hynstekeuring op sneon wurdt live kommentaar jûn troch Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra fan Het Friesch Paarden Stamboek. It kommentaar wurdt ôfwiksele mei ynterviews. Foar bûtenlânske sjoggers is de útstjoering op ynternet te folgjen mei Ingelsk kommentaar en Dútsk kommentaar. Ek wurdt der dit jier in folsleine Nederlânske stream oanbean.

  • Snein 12 jannewaris om 9.00 oere: werhelling hichtepunten Friesian Proms. Om 13.00 oere wurdt de finale fan de Hynstekeuring op 'e nij útstjoerd.
  • Moandei 13 jannewaris om 17.20 oere: in ekstra lange Hea! oer de hynders.
(advertinsje)
(advertinsje)