Jouke de Vries krijt Langman Priis foar opbouwen noardlike universiteit

09 jan 2020 - 21:49

Bestjoersfoarsitter Jouke de Vries fan Ryksuniversiteit Grins hat de saneamde 'Langman Prijs' krigen. De Vries is berne yn Dearsum en hy is yn Fryslân ek bekend om't hy dekaan wie fan Campus Fryslân yn Ljouwert.

Jouke de Vries - Foto: Wikimedia Commons

De Vries hat de priis tongersdeitejûn krigen mei de nijjiersresepsje Noard-Nederlân yn Martiniplaza yn Grins. Yn de sjuery siet ûnder oaren boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf. Oosterman prize De Vries fanwege syn belûken fan it hiele noarden by de universiteit. Sa hat de RUG in fêstiging krigen yn Ljouwert.

It is de tredde kear dat de Langman Priis útrikt is, de priis is neamd nei Harrie Langman. Hy wie minister fan Ekonomyske Saken yn de jierren 70 en kaam op foar it belang fan it noarden. Persoanen en ynstânsjes dy't in ympuls jûn hawwe oan it noarden komme yn oanmerking foar de priis.

(advertinsje)
(advertinsje)