Steatefraksje PvdA wol opheldering oer TopDutch-kampanje

09 jan 2020 - 21:35

De Steatefraksje fan de PvdA wol fan it kolleezje fan Deputearre Steaten witte hoe't it stiet mei de TopDutch-kampanje. De partij fynt sels dat dizze kampanje der 'soarchwekkend' foar stiet. TopDutch is bedoeld om ynternasjonale bedriuwen nei it Noarden ta te heljen.

TopDutch - Foto: TopDutch

Fryslân, Grinslân en Drinte hawwe elts 400.000 euro beskikber steld. Steatelid Marijke Roskam fan de PvdA seit dat it net dúdlik is wat de kampanje oant no ta opsmiten hat. Ut ferskate media krijt se ek lûden dat der ynterne rebûlje by TopDutch is.

Roskam wol fan ferantwurdlik deputearre Sander de Rouwe witte oft it kloppet dat Fryslân de stekker út TopDutch lûke wol. Der komt noch in rapport mei in analyze oer de lêste twa jier. Roskam wol witte oft de Steateleden dit rapport ek krije. Se hat út namme fan de PvdA-Steatefraksje skriftlike fragen oan it kolleezje steld.

(advertinsje)
(advertinsje)