Fertochte Assenaar fan stekpartij yn Drachten langer yn foararrest

09 jan 2020 - 21:00

In 19-jierrige man út Assen, dy't fertocht wurdt fan in stekpartij op 19 oktober yn Drachten, moat langer yn foararrest bliuwe. De rjochtbank fan Ljouwert hat it fersyk fan syn advokaat om him frij te litten ôfwiisd.

Foto: Omrop Fryslân

De man, in Iraniër dy't yn it azc fan Assen wennet, soe yn oktober besocht ha de buorman fan syn eks-freondinne mei in knipmes te stekken. De fertochte woe syn eks yn Drachten sjen, mar dy woe dat net. Har buorman besocht har te helpen, mar doe luts de Assenaar it mes. De fertochte seit dat hy dat die om de buorman op ôfstân te hâlden. Neffens him hat de buorman him efterfolge en yn 'e búk stompt.

De rjochtsitting stiet op it programma foar 24 maart. It is net wis oft dy datum helle wurdt, omdat it psychologysk ûndersyk fan de fertochte noch net klear is en der in tekoart oan psychologen is.

(advertinsje)
(advertinsje)