Myrthe de Boer fan Skarsterbrêge toant flagge op Jeugd Olympische Spelen

09 jan 2020 - 22:54

Reedrydster Myrthe de Boer fan Skarsterbrêge is tegearre mei iishockeyster Kimberly Collard keazen as flaggedrager fan Talent TeamNL mei de iepening van de Jeugd Olympische Winterspelen yn Lausanne. Dat sportevenemint is fan tongersdei oant woansdei en is foar bern tusken de 14 en de 18 jier.

Der binne 15 sporters fan Talent TeamNL dy't meidogge oan de winterspelen. Myrthe de Boer heart by de ploech fan chef de mission Marianne Timmer, tegearre mei sân iishockeyers, in snowboarder, trije shorttrackers en nochris trije reedriders. Yn totaal dogge der hast 1.900 sporters út 79 lannen mei.

Myrthe yn St. Moritz

Myrthe de Boer fan Skarsterbrêge mei de flagge sjen litte yn St. Moritz. De iepeningsseremoanje is op twa plakken, njonken St. Moritz ek yn Lausanne. Dêr mei Collard de flagge drage.

Chef de mission Marianne Timmer seit oer Myrthe: "Myrthe is een verbindende factor in de groep. Ze is vrolijk, spontaan en legt makkelijk contact, ook met buitenlandse rijders. Ik heb er alle vertrouwen in dat Kimberly en Myrthe de andere sporters van Talent TeamNL mee op sleeptouw nemen en Talent TeamNL en Nederland bij de openingsceremonie goed op de kaart zetten."

(advertinsje)
(advertinsje)