Grutter beweidingsgebiet op Flylân moat stikstofskea yn dunen tsjingean

09 jan 2020 - 20:47

Skotske heechlanners op Soay-skiep krije mear romte op Flylân om te beweidzjen. Yn westlike rjochting krije de bisten 30 bunder mear. Staatsbosbeheer en Provinsje Fryslân hawwe dy maatregel nommen om de ynfloed fan stikstof op de natuer yn de dunen tsjin te gean.

In Heechlanner - Foto: ANP

Yn totaal hawwe de bisten no 250 bunder op it eilân. Boskwachter Joeri Lamers skriuwt dat troch de ynfloed fan stikstof de dunen fergerzje. Gers en strûken groeie dêrtroch rapper en dat is net goed fan de eigenlike dúnplanten. Mei dy planten ferdwine ek ynsekten en fûgels dy't dêrfan ôfhinklik binne. Troch kij en skiep beweidzje te litten, krije de dúnplanten wer in kâns.

Heidehippers en piipljurken

Ek soargje de bisten mei harren hoeven foar stikken iepen sân, wat wer goed is foar ynsekten. De beweiding docht fertuten foar fûgels, neffens Lamers binne der al mear heidehippers en piipljurken sjoen op Flylân.

It nije beweidingsgebiet komt wat mear nei it súdwesten te lizzen. It gebiet bliuwt tagonklik foar minsken. Der moatte noch wol nije feerasters oanlein wurde, dat moat foar de ein fan febrewaris dien wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)