'Happy no Waste' op NHL Stenden tsjin fergriemerij yn de lânbou

09 jan 2020 - 20:16

Sa min mooglik iten fergrieme, dat is it doel fan de merk 'Happy no Waste' dy't tongersdeitemiddei by NHL Stenden holden wurdt. In groep fan 30 studinten hat in 'verspillingsmarkt' holden, in inisjatyf fan Stichting Grien dat benammen rjochte is op boeren.

Happy no Waste - Foto: Omrop Fryslân

"Je sykje in poadium om itensfergriemerij ûnder de oandacht te bringen," fertelt Theo Jansma fan Stichting Grien, de inisjatyfnimmer fan de merk. "Wy wolle úteinlik kringlooplânbou stimulearje, nije produkten ûntwikkelje en koarte 'ketens' kreëarje. Dêr wolle wy minsken mei ynspirearje en dêr hawwe wy in streekmerk foar opsetten."

"Sjoch nei de reststream en sjoch nei de mooglikheden wat je der fierder mei kinne," seit Jansma. "Dat hawwe wy ûnder de loep nommen en dêr binne leuke dingen útkaam dêr't de boeren sels ek wol fan ûnder de yndruk binne."

NHL Stenden

De merk is organisearre troch studinten fan NHL Stenden. "Wy hawwe mei de studinten 10 tema's betocht, dan moatte je tinke oan hoefolle produkten fuortreitsje, wat je dêrmei kinne, hoe it ferpakt is of wat je mei it oare ôffal dogge."

Theo Jansma fan Stichting Grien

(advertinsje)
(advertinsje)