Goutum set doarren iepen foar sinnepark: winst streamt werom nei it doarp

09 jan 2020 - 20:05

De gemeente Ljouwert krijt in sinnepark fan 14 bunder grut by Goutum. Dêrfoar is tongersdei in oerienkomst ûndertekene troch de gemeente, de bedriuwen Energeia en Energie VanOns, de feriening Energiek Goutum en doarpsbelang Goutum. Neffens alle partijen giet it om in unike gearwurking mei de omwenners fan it sinnepark.

Foto: Omrop Fryslân

De 12 miljoen kWh enerzjy dy't mei it nije sinnepark yn 't jier opwekt wurde sil, is genôch foar sa'n 3.500 húshâldens yn Goutum, Ljouwert en omkriten. As alles neffens plan ferrint, is it sinnepark yn juny al klear.

Energeia, dat sinne-enerzjysintrales ûntwikkelet, bout en eksploitearret, hiert de grûn foar it sinnepark foar 25 jier fan de gemeente Ljouwert. Foar de ferkeap fan de stroom hat it bedriuw in kontrakt ôfsletten mei enerzjyleveransier Energie VanOns, dy't gearwurket mei Energiek Goutum. Op dy wize giet de stroom direkt nei de klanten en de winst wurdt útbetelle oan Energiek en doarpsbelang Goutum, dy't tegearre in duorsum ynvestearringsfûns oprjochtsje.

Trefwurden: 
Ljouwert sinnepark Goutum
(advertinsje)
(advertinsje)