Tresoar snijt yn 'e tsjinstferliening

09 jan 2020 - 18:53

Tresoar hat bekendmakke te snijen yn de tsjinstferliening en minder faak argyfmateriaal en boeken út de depots wei te heljen. Tenei hellet it personiel noch mar twa kear op in dei argyfstikken op: foar 10.00 oere en foar 14.00 oere.

Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar - Foto: Wikimedia Commons

Tresoar riedt minsken oan om it materiaal dat sy nedich hawwe al de dei fan tefoaren oan te freegjen. Earder koene der sa faak as op in dei nedich wie nije stikken út it argyf helle wurde. No kin dat dus noch mar twa kear. Der meie maksimaal trije argyfstikken tagelyk meinommen wurde om yn te sjen.

Net wurkber foar minsken fan bûten Ljouwert

As in argivaris in tip jout om ris in oar stik yn te sjen moatte minsken as it al 14.00 oere west hat, de dei dêrnei weromkomme. Dat kin foar minsken dy't bûten Ljouwert of Fryslân wenje dreech wêze. De argyfynstelling jout wol oan dat de iepeningstiden itselde bliuwe: troch de wike fan 10.00 oant 22.00 oere en yn it wykein fan 11.00 oant 17.00 oere.

Kontrast mei iepeningstiden

Ferskate minsken hawwe harren krityk utere op de gong fan saken. Oer it algemien is men tige te sprekken oer de romme iepeningstiden, mar mei de nije tsjinstferliening kinne der yn de lêste acht oeren fan in besite gjin stikken mear oanfrege wurde. Foar ûndersikers kin it dreech wêze om acht oeren oan stikken dy't nedich binne te foarsizzen. Der is ûnbegryp oer it kontrast tusken de romme iepeningstiden en it nije tal mominten om stikken op te freegjen.

Digitaal beskikber

Neffens Tresoar is der foar de nije opset keazen om't der hieltyd mear stikken digitaal te sjen binne. Dan giet it bygelyks om de boargerlike stân, befolkingsregisters en notariële akten. Dochs is dat mar yn lyts part fan de hiele kolleksje, sizze kritisy.

Gjin scanning-on-demand

Undersikers sizze dat scanning-on-demand in goed alternatyf wêze kin. Bygelyks it Noord-Hollands Archief, it Gelders Archief en it Streekarchief Noardeast-Fryslân wurkje dêrmei. Mei sa'n service kinne besikers it argyf freegje om bepaalde stikken te scannen. Sa hoege minsken net langer nei in stúdzjeseal te kommen om dokuminten fysyk te rieplachtsjen en wurdt der tagelyk wurke oan it digitalisearjen fan argiven. Boppedat komme stikken dy't faak opfrege wurde, flugger digitaal beskikber. Tresoar docht lykwols net mei oan dit scanning-on-demand.

(advertinsje)
(advertinsje)