ChristenUnie en PvdA wolle misstannen yn Ljouwerter prostitúsje oanpakke

De ChristenUnie en de PvdA wolle ôf fan de misstannen yn de prostitúsje yn Ljouwert. Der is te min tafersjoch en wetjouwing is der net foldwaande, dus is de kâns op minskehannel en seksueel útrûpeljen grut. Froulju wurkje lange dagen en krije somtiden mar 20 euro betelle foar seks. Mirka Antolovic fan de PvdA jout oan dat it har benammen giet om de omstannichheden fan de froulju.
Gemeente wol luden oer mooglike misstannen Weaze undersykje
Eksploitant Danny Sesseler is it net iens mei de krityk fan de partijen. Neffens him falt it wol mei en wurdt it út syn ferbân lutsen. Froulju meie harren priis sels bepale, seit hy. Hy mei dêr as eksploitant neat oer sizze. Dat de priis sa leech leit, soe te krijen hawwe mei de grutte konkurrinsje yn Ljouwert. Hy tinkt dat de stêd it goed foar inoar hat.
Eksploitant Danny Sesseler fan Ljouwert jout in reaksje op de krityk