Femke Kok: "Ik wit totaal net wêr't ik stean"

"Ik wit totaal net wêr't ik stean. Ik bin ommers in junior." Femke Kok docht dit wykein mei oan it Europeesk kampioenskip ôfstannen op It Hearrenfean. Se rydt de 500 meter en de teamsprint. Se makket dit wykein op har 19e har debút op in ynternasjonaal toernoai. Antoinette de Jong pleatste har allinnich foar de ploege-efterfolging. "Ik moat wol efkes skeakelje."
Femke Kok Antoinette de Jong
Op it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen wie it kontrast hiel grut. Kok koe der hast net by en se wie tige bliid dat se har pleatste foar it EK en de WK ôfstannen. Triennen wiene der by Antoinette de Jong, om't se har op de yndividuele ôfstannen net pleatste. "Dochs is it moai dat sa'n ien as Femke har pleatst. Ik wit noch dat ik 17 wie en it EK allround ride mocht yn Thialf. Dan moatte je mar ien ding dwaan en dat is genietsje." Femke Kok heart it oan: "Dat sil ik seker dwaan. Ik doch gewoan mei, foar de leuk. Ik ha gjin doel kwa resultaat, ik wol benammen genietsje."
Femke Kok rydt de 500 meter op sneon, mar wat is der dan eins mooglik? "Ik haw gjin idee. Ik wit net wêr't ik stean. Ik bin noch in junior en sjoch dan ek net safolle nei wat de senioaren dogge." Ein desimber ferbettere se har persoanlik rekôr. Dat is no 38,14. "Mar it kin noch wol hurder, want myn folle ronde wie net sa goed. Yn Inzell ried ik earder alris 27,3 en no ryd ik 27,6."
Femke Kok
Foar Antoinette de Jong jildt dat se in hiel oar EK ride sil. Se docht allinnich mei oan de ploege-efterfolging fan snein. "It is echt oars. Ik moat wol efkes skeakelje. De wrâld fergiet net, mar it is net leuk. Mar ik moat net yn it negative hingjen bliuwe. Ik bin hurd foar mysels, haw mysels in skop ûnder de kont jûn en no fierder. Der komme noch genôch oare toernoaien oan."
De Jong rydt noch it NK en WK allround, de wrâldbeker yn Calgary en op it WK ôfstannen de ploege-efterfolging.
Antoinette de Jong