Statushâlders sjonge op De Jouwer foar selsbetrouwen en taalûntwikkeling

Twa moannen lyn is op De Jouwer in spesjaal koar úteinset. It saneamde DOORburgerkoor is foar froulike statushâlders mei in ferbliuwsfergunning yn De Fryske Marren. It doel fan it koar is om te wurkjen oan selsbetrouwen en taalûntwikkeling.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Der wurdt repetearre yn de Brede Skoalle op De Jouwer. De froulju dy't meidogge moatte motivearre wurde om oan harren takomst te wurkjen. It idee is fan Ellen van Bon fan buro Femmeployment en logopedist Jisca Bontekoe. Sy binne troch de gemeente frege om mei te tinken oer de partisipaasje en yntegraasje fan statushâlders.

Boartsjendewei

"Het is laagdrempelig en plezierig," lizze de froulju út. "Het is spelenderwijs." It idee is dat ek Nederlânske froulju meidogge oan it koar, om sa 'buddy' te wêzen foar bûtenlânske froulju. Diriginte Marijke Rodenburg hat de lieding oer it koar. Sy hat ûnderfining mei it wurkjen mei flechtlingen.
Yntusken binne der goed 10 leden fan Syrië en Eritrea en 10 Nederlânske froulju.
Ferslachjouwer Onno Falkena op De Jouwer