Most-wanted: in stellen apekop út Fryslân

09 jan 2020 - 17:29

Ynternasjonale opspoarings-organisaasje Interpol is op syk nei in apeskedel út Fryslân. It giet om in kop út Sumatra dy't yn Natuurmuseum Fryslân te sjen wie. Ofrûne simmer hat it museum ûntdutsen dat der in pear skedels út in fitrine ferdwûn binne. Oare skedels wiene wat opskood, dus it foel foarearst net op dat dy fan de oarang-oetan fuort wie.

De skedel - Foto: Natuurmusuem Fryslân

Natuurmuseum Fryslân hat oanjefte dien by de plysje. It museum wist neat fan de pleatsing op de kanalen fan de ynternasjonale opspoaringsorganisaasje Interpol. Konservator Peter Koomen wie tige ferrast: "Het overviel me dat er zo veel belangstelling was voor de apenkop. Ik had geen idee dat Interpol er internationale ruchtbaarheid aan zou geven." De skedel stie ôfrûne moanne op in 'most-wanted' poster mei keunstwurken dy't it meast socht binne troch Interpol.

Grutte wearde

De skedel is in pear jier lyn yn de museumkolleksje terjochte kommen by in skinking fan ferskate apeskedels. Dy hearden by in samling fan in partikulier, nei't dizze persoan ferstoarn is binne de skedels oan it museum skonken. Dêr sieten ek in pear oarang-oetans by. Hjoed-de-dei meie sokke skedels net mear samar meinommen wurde út it bûtenlân, dus der wurdt in soad jild foar betelle. "Het is wel wat de gek ervoor geeft, er is geen legale handel in," seit Koomen.

De stellen skedel fan Natuurmuseum Fryslân komt nei alle gedachten út Sumatra. It slot op de fitrine dêr't er yn lei wie frij maklik iepen te krijen. Dat hat Natuurmuseum Fryslân yntusken oanpast.

Konservator Peter Koomen fan Natuurmuseum Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)