Provinsjes op besite by fernijende proeftún BioBizz hub yn Balk

09 jan 2020 - 17:04

De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte én it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN) hawwe in wurkbesite brocht oan de proeftún BioBizz hub yn Balk. De BioBuzz hub siket de gearwurking op mei besteande netwurken en inisjativen as WaterCampus Leeuwarden.

Foto: SNN

De BioBuzz hub is in iepen ynnovaasje-omjouwing mei in ynrinlaboratoarium, in proefhal en produksjefasiliteiten dêr't bedriuwen harren ynnovaasjes teste kinne. Sa wurde se holpen om technologyen te ûntwikkeljen en op de merk te bringen.

Begjin 2019 joegen de noardlike provinsjes, SNN en it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat hast 2,3 miljoen euro subsydzje. Dêrfan wie goed 1,8 miljoen euro Europeeske subsydzje (EFRO). Mei de BioBizz hub fersterket Noard-Nederlân de ynternasjonale kennis- en konkurrinsjeposysje yn de wrâld op it mêd fan wetter- en biobased technology flink.

De bou fan de proeftún is yn folle gong. Yn septimber 2020 sil de BioBuzz hub iepene wurde. Op dat stuit sille der minimaal acht start-ups plak hawwe yn de proeftún.

Tún nei de ynternasjonale merk

Nederlân rint foarop as it giet om wetter- en biobased technology. Yn Noard-Nederlân binne der ek genôch fernijende ideeën troch de campussen dy't hjir sitte. Lykwols komt in goed prototype faak net, of mei in soad omwegen, op de merke. Om dit te feroarjen nimt wettertechnologybedriuw Paques, mei kantoaren oer de hiele wrâld en in haadkantoar yn Balk, yn 2018 it inisjatyf om de proeftún BioBuzz hub op te rjochtsjen.

Foto: SNN

De BioBuzz hub is in yntegraal ûnderdiel fan de WaterCampus yn Ljouwert. "De BioBizz hub is de springplank naar de internationale markt. Hier kunnen start-ups en ondernemers hun innovaties opschalen en wij helpen hen om van hun prototype een goedlopend bedrijf te maken. We doen dit door te bekijken hoe we nieuw ontwikkelde water- en biotechnologieën waardevol kunnen maken voor de maatschappij. Sleutelwoorden hierbij zijn afstemmen op de vraag, opschalen van de productie en introduceren op de markt", seit mei-eigener Joost Paques.

Konkurrinsjeposysje

De komst fan de proeftún moat fersterking biede fan de ynternasjonale konkurinsjeposysje fan Noard-Nederlân. "Met de BioBizz hub versterkt Noord-Nederland zijn internationale kennis- en concurrentiepositie in de wereld op het gebied van water- en biobased technologie flink. Het is een 'community' waar samenwerking, kruisbestuiving en co-creatie centraal staan. Zo krijgen Noord-Nederlandse innovaties krachtige kansen op de markt. Dit maakt onze regio op de lange termijn sterker", lit deputeare Sander de Rouwe witte.

(advertinsje)
(advertinsje)