Jurre 495 besiket foar fjirde kear kampioen te wurden

09 jan 2020 - 16:53

Jurre 495 kin sneon foar de fjirde kear op rige algemien kampioen wurde op de hynstekeuring yn it WTC yn Ljouwert. Dat soe in unike prestaasje wêze. Noch noait wist in hynder fjouwer kear efter inoar de titel binnen te heljen.

Eigener Jelmer Chardon en syn frou Anita hawwe der alle fertrouwen yn. Mar in halssaak is it net, fynt Jelmer. "Trije kear op rige kampioen is al unyk. Wy hawwe in unyk hynder, oft hy no noch in kear kampioen wurdt of net."

Betrouwen

Jelmer hat der betrouwen yn. "Ik tink dat hy der super foar stiet. Neat stiet yn it paad om it foar de fjirde kear te dwaan." En as it net slagget? "Dan wurdt it feest der net minder om."

Jurre hat de famylje in hiel soad brocht. Troch syn suksessen, en dy fan Eise 489 dy't it ek geweldich docht en hast net te ferslaan is foar de sjeas, hawwe Jelmer en Anita in nije stâl bouwe kinnen en ferskate oare ynvestearringen dwaan kinnen. Oer Jurre kinne se allinnich mar tefreden wêze.

Opfolger

"Grutste útdaging is no om in opfolger foar Jurre en Eise te finen", seit Jelmer. Want dat is wichtich foar de kontinuïteit fan it sukses yn 'e takomst.

Jelmer Chardon oer Jurre 495

Jelmer en Anita Chardon mei Jurre 495 - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(advertinsje)
(advertinsje)