Fertochte fan oerfal gouden ringen yn Lippenhuzen langer yn foararrest

09 jan 2020 - 16:42

De rjochtbank fan Ljouwert hat it foararrest fan in 23-jierrige man út Amersfoort ferlinge. De man soe belutsen wêze by in gewelddiedige oerfal op in wenning yn Lippenhuzen. It foararrest fan in twadde fertochte, in 20-jierrige man út Amersfoort, waard earder wol troch de rjochtbank skrast.

Foto: De Vries Media

De twa mannen soene op de jûn fan 25 septimber ôfrûne jier de bewenners fan in wenning oan it Rjochtkeamerpaed yn Lippenhuzen oerfallen hawwe. Mei geweld waard in koffer mei 40 gouden ringen mei in wearde fan 7.500 euro ûntfytmanne. De bewenster is slein troch de oerfallers.

De bewenners hiene de gouden ringen te keap stean op Marktplaats. De Amersfoorter sei dat hy neat te krijen hat mei de oerfal. Hy soe dy jûn net yn Lippenhuzen west hawwe. Hy soe de oare fertochte út Amerfoort ek net kenne. Twa plysjeminsken koenen de man lykwols werom op kamerabylden.

De rjochtbank oardiele dat de man mear útlis jaan moatten hie en mei te min arguminten kaam om it bewiis dat der tsjin him leit te ûntkrêftigjen.

De ynhâldlike saak stiet pland op 7 april fan dit jier. De Amersfoorter bliuwt yn elts gefal oant dy datum yn de finzenis. Neffens de rjochtbank is it noch net wis oft de saak begjin april behannele wurde kin.

(advertinsje)
(advertinsje)