SC Hearrenfean makket him gjin soargen oer Ingelske transfer Sven Botman

09 jan 2020 - 16:19

Technysk manager Gerry Hamstra makket him net al te bot soargen dat hy op syk moat nei in nije sintrale ferdigener. Tongersdei meldt De Telegraaf dat Norwich City Sven Botman fuortendaalks oernimme wol. Botman wurdt dit seizoen troch SC Hearrenfean hierd fan Ajax.

Foto: Orange Pictures

"Er zijn altijd geruchten, ik weet niet eens of de interesse fan Norwich concreet is. Maar ik hou me bij de feiten en die zijn dat wij een huurovereenkomst hebben met Ajax voor één jaar", sa seit Hamstra.

Botman hat noch in kontrakt by Ajax oant de simmer fan 2022. Hy hat dit seizoen alle wedstriden spile by SC Hearrenfean en yn totaal twa doelpunten makke. Hamstra: "Wij zijn heel tevreden over Sven en willen de selectie graag bij elkaar houden."

(advertinsje)
(advertinsje)