Monumintaal badpaviljoen fan Hylpen is yllegaal ferboud

It badpaviljoen fan Hylpen is yllegaal ferboud. Dat hat de rjochter yn in rjochtsaak fan eigener Douwe van der Meulen tsjin de gemeente Súdwest-Fryslân bepaald.
Der is al in jierren striid tusken de gemeente en Van der Meulen oer it monumintale pân. It stie der lang ferurteaze by, mar de lêste jierren hat de eigener ferskate saken fernijd en ferboud sûnder oanfraach fan fergunning.

Gjin tastimming en fergunning

Dat is neffens de gemeente net neffens de regels gien. Se hawwe dêrom efterôf gjin tastimming en fergunning jûn. Dat waard oanfochten troch de eigener mar de rjochter jout him op gjin inkeld punt gelyk.

Unyk, monumintaal pân

Ien fan de meast yn it each springende saken is in âld blikken plafond. Dat is út it paviljoen helle wylst it in unyk monumintaal plafond wie en bygelyks Hûs en Hiem hjiroer negatyf advisearre hie. Neffens de eigener wie it yn in hiel minne steat mar neffens de rjochter is dat net oantoand en hat de gemeente of ynstânsjes dy't saakkundich binne dat net kontrolearje kinnen.

Ferkeard opknapt

Der binne noch in tal saken dêr't neffens de eigener de gemeente net terjochte gjin fergunning ôfjûn hat. Sa binne de fjouwer skoarstiennen hielendal feroare en mei nije kappen bedekt. Ek dêr hat de gemeente terjochte fan sein dat dat net neffens de monumintale regels gien is. Ek doarren en kezinen binne neffens de rjochter ûnrjochtmjittich ferfongen. It pân is twa jier lyn ek op 'e nij ferve. Dêrtroch sjocht it der minder ferturteaze út mar neffens de gemeente is it mei ferkearde ferve dien. Ek dêr jout de rjochter de gemeente gelyk.
Van der Meulen bliuwt by it ferhaal dat de oanpassings dy't hy dien hat oan it paviljoen in ferbettering binne.

Frustraasje yn Hylpen

Oer de tastân fan it paviljoen is in soad frustraasje by de ferskate monuminte-ynstânsjes mar ek by in tal Hylpers. Eigener Douwe van der Meulen wol net reagearje. Hy kin yn heger berop tsjin de útspraak. Oft dat ek barre sil is net bekend.
Ofrûne simmer makke Omrop Fryslân in dokumintêre oer de skiednis fan it paviljoen en de ympasse dêr't it no yn sit: