Wurkstraf foar Wolvegeaster fanwege agressyf wêzen yn ferkear

09 jan 2020 - 16:03

In 28-jierrige man út Wolvegea hat in taakstraf fan 40 oeren krigen. Dat hat de plysjerjochter tongersdei besletten. De man wie begjin juny yn trije dagen tiid belutsen rekke by twa ferkearsrûzjes en wie dêrby agressyf.

Rjochtbank Noard-Nederlân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De Wolvegeaster hat yn juny op de A32 by de ôfrit Akkrum in oare automobilist mishannele. De man hie op it lêste momint ynfoege op de ôfrit, wêrop de oare bestjoerder mei ljochtsinjalen kenber makke hjir net bliid mei te wêzen. De Wolvegeaster hat dêrnei de auto fêstriden en de bestjoerder in bloednoas slein. In pear dagen letter wie it wer safier op de A32. De Wolvegeaster soe by It Hearrenfean troch in froulike bestjoerder ôfsnien wêze. De man stapte út de auto en besocht de passazjier, de heit fan de frou, te slaan.

De man út Wolvegea ûntkent de beide mishannelingen. Neffens him soene de oare mannen agressyf west hawwe. De rjochter leaut syn ferhaal net en hat dêrom de wurkstraf oplein. De man hat koartlyn al in wurkstraf dien, wêrtroch de rjochter ien dei finzenisstraf ûnder betingsten oplein hat.

(advertinsje)
(advertinsje)