Wetterskip Fryslân set útein mei jierlikse ynspeksje wetterkearingen

De jierlikse ynspeksje fan de wetterkearingen fan Wetterskip Fryslân is úteinset. De wetterkearingen binne yn Fryslân en yn in part fan it Grinzer Westerkwartier. De rayonbehearders fan it wetterskip kontrolearje yn jannewaris en febrewaris it gebiet rinnende. Mei in digitale kaart op in tablet yn de hân rinne se by 3.200 kilometer oan kearingen yn it wettergebiet del.
© Daniël Hartog
De rayonbehearders besjogge oft de polderdiken skea oprûn hawwe en oft de bewenners of grûneigeners de kearingen goed ûnderholden hawwe. Wetterskip Fryslân kontrolearret alle kearingen by de Fryske boezem del. De boezem is it stelsel fan marren, fearten, kanalen en sletten dy't yn iepen ferbining mei inoar stean.

Polderdiken

De ynspeksje wurdt útfierd om't Wetterskip Fryslân wetteroerlêst yn Fryslân en yn in diel fan it Grinzer Westerkwartier sa folle as mooglik foarkomme wol. Dêrfoar is it wichtich dat de wetterkearingen by de Fryske boezems del sterk bliuwe en it wetter goed keare kinne. De meiwurkers sjogge by de kontrôle fan de polderdiken oft se frij binne fan ôffal, foarwerpen, materiaal en beplanting en oft se in goeie kwaliteit gersmatte hawwe.