Ljouwerter hert-longmasine is wrâldprimeur

09 jan 2020 - 15:47

It Hart- en Vaatcentrum fan sikehûs MCL yn Ljouwert hat as earste sikehûs yn de wrâld in nije hert-longmasine yn gebrûk nommen by iepen-hertoperaasjes. De nije masine is feiliger, flugger ynsetber en gebrûksfreonliker.

In hert-long-masine nimt by in operaasjes tydlik de funksjes oer fan it hert en de longen. It MCL hat sels meiwurke oan it meitsjen fan de masine, fan it iere begjin oant de testfazen. Sûnt 2011 is ôfdielingshaad Kees Visser, fan de 'extracorporale circulatie' (bûtenlichemske sirkulaasje) part fan in ynternasjonaal advysteam. Neffens Visser hat by de ûntwikkeling fan it nije apparaat de pasjint foarop stien.

Nettsjinsteande dat is it nije apparaat útrêst mei de nijste techniken, en is foar de meiwurkers in stik better te brûken.

Yn it MCL binne alle jierren sa'n 750 iepen-hertoperaasjes. It sikehûs hat dêrfoar no fjouwer nije hert-longmasines, dêr't njoggen perfusionisten mei wurkje. De ôfrûne moannen binne de meiwurkers traind om mei it apparaat te wurkjen. De nije masine moat yn alle gefallen 10 jier mei gean.

Harkje nei in petear mei Kees Visser

Trefwurden: 
sikehûs MCL hert-longmasine
(advertinsje)
(advertinsje)