Cambuur set sterk útein tsjin Volendam: "Wy kinne in goeie slach slaan"

09 jan 2020 - 15:12

De spilers fan SC Cambuur binne goed út de winterstop kaam. Henk de Jong kin foar de earste wedstriid fan de twadde seizoenshelte beskikke oer in hast folslein fitte seleksje. De trainer kin yn syn sterkst mooglike opstelling úteinsette tsjin FC Volendam, dat acht punten efter de Ljouwerters stiet op it fjirde plak.

De winterstop duorre net hiel lang foar Cambuur: snein 21 desimber spile it de lêste wedstriid fan 2019. Dochs hat De Jong alwer nocht oan it twadde part fan it seizoen: "Ja, we hawwe der echt nocht oan. It wurdt in prachtige wedstriid mei in bulte minsken. Wy hawwe tsien dagen frij hân, dat hat allinne mar goed west. We binne no in wike oan it trainen, we ha efkes in pear momintjes prikkele, mar ek net te idioat."

Ofrûne wykein wie de seleksje op trainingskamp op De Veluwe. Ek dat is goed befallen. "Ik fyn it lekker om yn Nederlân te bliuwen. Ast yn it bûtenlân bist, hast faak sykte. En dat hawwe we no net hân. De sfear wie fantastysk."

Mei it duel mei FC Volendam set Cambuur útein oan de twadde seizoenshelte. "Dy is hiel wichtich. We kinne wol in goeie slach slaan", sa seit De Jong, dy't hopet dat syn ploech trochgiet dêr't it yn 2019 mei einige is. "We ha Jong Ajax, Feyenoord, Excelsior en no Volendam. We witte dat we op in heech nivo spylje moatte."

Sikeboech

Giovanni Korte en Sven Nieuwpoort binne al langer blessearre en helje ek de wedstriid tsjin FC Volendam noch net. It twatal trainde foar in part wol wer mei de seleksje mei, mar noch net de folsleine training. De ferwachting is dat dat nije wike wol kin. Jordy van Deelen knapt op fan syn knibbel-operaasje en wurdt de kommende moannen noch net werom ferwachte.

Issa Kallon

De Jong gie ek yn op de situaasje om Issa Kallon hinne. De oanfaller is ien fan de hichtepunten dit seizoen by de Ljouwerters, mar de klup driget him kwyt te reitsjen. Kallon hat in ôfrinnend kontrakt. "Issa is in gefoelich jonkje. Hy is by my kaam en hat mei my praat. Wy hawwe in goed peatear hân." De Jong hopet dat Kallon behâlden bliuwe kin foar de klup. In soad klups wolle de jonge hawwe. "Dat is ek moai, dat ha we sels dien. As we dêr goeie dingen yn dogge, kinne we der miskien noch wol útkomme. Ik fyn it in prachtich mantsje. Ik soe him graach by my hâlde."

Dochs liket der noch in soad romte te sitten tusken fraach en aanbod. Dat is neffens De Jong goed te ferklearjen: "Wy witte noch net seker oft we takom seizoen yn de earedifyzje spylje. As dy jonge yn de earedifyzje in kontrakt tekenje kin, kin er mear as it dûbelde fertsjinje as by ús. Wat soene je dan dwaan? As wy wis witte dat we nei de earedifyzje geane, dan kin er by ús ek wat mear fertsjinje."

Michael Breij

De spiler dy't tongersdei pas foar de twadde kear yn it Cambuur Stadion trainde, is de spiler dy't oerkaam fan FC Groningen: Michael Breij. Hy is yn it nije jier oansluten by de Ljouwerters. "Ik heb het heel erg naar mijn zin. We hebben veel plezier op de trainingen en die zijn van hoge kwaliteit, dus ik heb weinig te klagen." Breij is op ferskate plakken ynsetber. Yn de oanfal oan de bûtenkant mar ek as oanfallende middenfjilder. "Ik heb een voorkeur voor het middenveld. Dan kan ik gebruik maken van mijn kracht om de diepte in te gaan. Dat is wel mijn kwaliteit."

Yn de simmer waard de namme fan Breij ek al yn ferbân brocht mei Cambuur. "In eerste instantie wilde ik heel graag weg bij Groningen. Ik heb vorig jaar wel wat gespeeld, maar daarna was voor mij duidelijk dat het hem daar niet zou worden. In de zomer had Cambuur geïnformeerd en wilde ik al heel graag. Toen is het helaas niet gelukt. Het leek mij een mooie stap om naar de nummer één van de Keuken Kampioen Divisie te gaan."

Breij stiet freed noch net yn de basis by Cambuur. Hy sit wol by de seleksje en soe syn debút meitsje kinne. It is in aardige wedstriid foar de Ljouwerters. "Ontzettend belangrijk. Het is een mooie opener. Ik hoop dat we hem gaan winnen."

Foto: Orange Pictures

De opstelling fan Cambuur (nei alle gedachten): Stevens; Schmidt, Schouten, Mac-Intosch, Sambissa; Hoedemakers, Jacobs, Maulun; Antonia, Mühren, Kallon.

De wedstriid tusken SC Cambuur en FC Volendam is freedtejûn live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat set útein om 19.30 oere en dêryn, neist Cambuur tsjin Volendam, ek omtinken foar de earste dei fan it EK ôfstannen yn Thialf. Fanút it Cambuur Stadion fersoarget ferslachjouwer Roelof de Vries it kommentaar, ferslachjouwer Andor Faber sit op It Hearrenfean by it reedriden.

(advertinsje)
(advertinsje)