Ungelok op A32 by Wurdum: ien ferwûne

09 jan 2020 - 14:58

By in ûngelok op de A32 by Wurdum is tongersdeitemiddei in frou mei har auto fan de dyk rekke en yn de sleat bedarre.

Foto: De Vries Media

Doe't de helptsjinsten by de auto oankamen wie de frou sels al út de wein klommen. De frou is yn de ambulânse behannele en mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De ôfrit hat in tiid ôfsletten west.

Troch de 112-drokte yn de omjouwing waard de brânwacht fan Menaam ynsetten.

Trefwurden: 
ûngelok A32 Wirdum sneldyk
(advertinsje)
(advertinsje)