Man (68) út Starum oanhâlden om oantroffen jerrycan op Ljouwerter stasjon

De plysje hat tongersdeitemiddei in 68-jierrige man út Starum oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan mooglike belutsenheid by de fertochte situaasje op it Ljouwerter stasjon. De man sit fêst en wurdt op dit stuit heard.
Man (68) út Starum oanhâlden om oantroffen jerrycan op Ljouwerter stasjon
Al sûnt tongersdeitemoarn hâldt in oantroffen pakketsje yn in Arriva-trein it stasjon fan Ljouwert ôfsletten. It stasjon waard ûntromme en der ride op dit stuit yn Fryslân gjin treinen fan of nei Ljouwert. It pakketsje blykt in jerrycan mei in ûnbekende floeistof te wêzen.