Fertocht pakketsje is jerrycan, EOD ûnderweis nei stasjon Ljouwert

09 jan 2020 - 13:08

It fertochte pakketsje dat tongersdeitemoarn oantroffen waard yn in lege trein op it Ljouwerter stasjon, blykt in jerrycan mei in ûnbekende floeistof te wêzen. Dat hat de plysje tusken de middei meld.

Om dy reden is de EOD, de Explosieven Omruimingsdienst Defensie, oproppen. De helptsjinsten kinne net ynskatte hoe grut it gefaar krekt is en dêrom komt de EOD te plak.

Stasjonsgebiet ôfsletten

It stasjonsgebiet yn Ljouwert is noch hieltyd ôfsletten. Ek ride der yn Fryslân gjin treinen fan of nei Ljouwert.

Foto: Kappers Media
Trefwurden: 
Ljouwert trein stasjon EOD
(advertinsje)
(advertinsje)