UPDATE: Grutte brân by wettersportbedriuw Grou ûnder kontrôle

09 jan 2020 - 14:59

Oan de Oedsmawei yn Grou stie in grutte loads fan Wettersportbedriuw ANJA mei meardere boaten folslein yn brân. It gie om in tige grutte útslaande brân, dêr't in hiel soad reek by frijkaam om't der in soad boaten fan polyester yn de loads leine. Yn de rin fan middei wie de brân ûnder kontrôle en koe de brânwacht mei minder ynset ta.

Neffens de brânwacht is de oarsaak fan de brân net bekend. Yn earste ynstânsje stie in kruser yn brân, mar dêrnei is it fjoer oerslein. Minsken yn de omjouwing wie oanret út de buert fan de reek te bliuwen en helpferlieners romte te jaan. Ek moasten minsken ruten en doarren ticht hâlde fanwegen de reek. Twa mjitploegen wienen oanwêzich om te sjen oft der skealike stoffen frijkaam binne.

Polyester boaten

Yn de loads stiene in soad polyester boaten opslein foar reparaasje. Dêrtroch brânde it ferskriklik en is de brânwacht ek oergien nei GRIP1. It fjoer is ûntdutsen troch twa meiwurkers dy't oan it iten wiene en wat rûkten. Sy hawwe earst sels besocht it fjoer út te krijen, doe't dat net slagge is de brânwacht derby helle. By de brân binne 15 boaten ferlern gien.

Soad brânwachtkorpsen

De brânwacht fan Akkrum, Grou, Ljouwert, Burgum, Drachten, It Hearrenfean en Mantgum binne ynset om it fjoer te bestriden. Troch de hurde wyn wie der in gruttere kâns op in útwreiding fan de brân, mar it is dus slagge om it fjoer op 'e tiid út te krijen.

Neffens de brânwacht binne der gjin skealike stoffen metten yn de loft. Wetterskip Fryslân hat skermen pleatst dy't foarkomme dat it bluswetter yn it oerflaktewetter terjochte komt.

Branwachtlju ferwûne

Twa brânwachtminsken rekken licht ferwûne doe't in muorre omfoel. Sy hiene gjin medyske behanneling nedich. Fierder hat ien fan de meiwurkers fan it bedriuw reek ynazeme, dizze persoan is troch ambulânsepersoniel neisjoen. In hûn dy't yn it pân wie wurdt fermist.

Ferslachjouwer Simone Scheffer oer de brân yn Grou

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Trefwurden: 
brânwacht brân Grou Oedsmawei
(advertinsje)
(advertinsje)