Fertocht pakketsje fûn yn trein Ljouwert, stasjon folslein ôfsletten

09 jan 2020 - 11:09

Yn in lege trein fan Arriva op it stasjon yn Ljouwert is in fertocht pakketsje fûn. De plysje hat fanwegen de feilichheid it folsleine stasjonsgebiet ôfsletten om te ûndersykjen om wat foar pakketsje it krekt giet.

Der ride op dit stuit yn Fryslân gjin treinen fan Arriva en de NS nei of fan Ljouwert.

In saakkundige fan it Team Explosievenverkenning fan de plysje is te plak om te sjen oft de EOD ek ynskeakele wurde moat. Spoarbehearder Prorail is oproppen om de plysje te assistearjen.

Foto: ProNews
(advertinsje)
(advertinsje)