Auto rydt troch de berm de sleat yn by Aldeholtpea

09 jan 2020 - 10:55

Op de N351 by Aldeholtpea is tongersdeitemoarn in auto yn 'e sleat bedarre. Hoe't dat krekt barre koe is net bekend. De auto ried troch de berm sa it wetter yn.

Foto: Kappers Media

Meardere helptsjinsten kamen op it ûngelok ôf. De brânwacht hat de bestjoerder út de auto helle. Oft dy ferwûningen oprûn hat, is net dúdlik. It oare ferkear hat gjin lêst hân fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Aldeholtpea ûngelok auto
(advertinsje)
(advertinsje)