Mooglike lânmyn op miljeustrjitte Frjentsjer blykt ferrustke termostaat te wêzen

09 jan 2020 - 09:49

It mooglike eksplosyf dat woansdeitemiddei op de miljeustrjitte fan Omrin yn Frjentsjer oantroffen waard, blykt in ferrustke termostaat te wêzen.

Foto: CAMJO Media

Oan de ein fan de woansdeitemiddei waard it foarwerp oantroffen yn in grutte kontener op de miljeustrjitte. Meiwurkers wiene der net gerêst op en alarmearren de plysje. Dy hat de miljeustrjitte doe fuortendaliks ôfsletten. Der waard tocht dat it om in mooglike lânmyn út de Twadde Wrâldoarloch gie.

Om't it foarwerp op in relatyf feilich plak lei en de EOD pas letter komme koe, waard besletten oant tongersdeitemoarn te wachtsjen mei it ûndersykjen fan it mooglike eksplosyf.

Ferrustke termostaat

Nei ûndersyk fan de Explosieven Opruimingsdienst Defensie die bliken dat it feilich wie. It mooglike eksplosyf wie in ferrustke termostaat. Der lei ek allegear oar ferrustke guod yn de kontener.

De Morsestrjitte yn Frjentsjer wie fan woansdeitemiddei ôf ôfsletten fanwegen de fynst. De miljeustrjitte yn Frjentsjer is om healwei alven tongersdeitemoarn hinne wer frijjûn.

Trefwurden: 
Frjentsjer Omrin eksplosyf
(advertinsje)
(advertinsje)