Kollum: "Fermangelden"

09 jan 2020 - 08:10

"Hy hat gjin fêst wen- of ferbliuwplak, en oerlibbet troch minsken dy't him sa no en dan stypje. Mar hy is praktysk fallyt. NRC hie moandei in grut portret fan Tilasmi Frigge, dy't dé man blykt te wêzen achter de 'NOS=FAKE NEWS'-stikkers.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Dy stikkers koe Tilasmi allinnich mar drukke litte trochdat in mesenas dat foar him betelle. Trouwens, dy jildsjitter hie dat oer de NOS ek sels betocht. De jildsjitter wurdt yn it stik sels net neamd, wat in leffe yndruk makket. 'Mesenas' is ek wol wat in grutte term foar ien dy't stikkers betelle hat. Moatst ris opsykje hoefolle stikkers ast tsjintwurdich krije kinst foar it bedrach dat in elektrisien de oere kostet.

Tilasmi syn stikker waard it meast sichtber doe't NOS-ferslachjouwer Edwin van den Berg in live-bydrage makke foar it sjoernaal oer in boereprotest. Yn byld waard hy mei sa'n stikker beplakt: 'NOS = FAKE NEWS'. Tilasmi ferkeapet de anty-NOS-merchandise op syn Facebookpagina, en hy hat in YouTube-kanaal dêr't hy syn boadskip ferkeapet.

Ferhalen oer Swarte Pyt, klimaatferoaring, MH17, en fansels de NOS, mei de bekende rjochtse en pro-Russyske ynstek. Tilasmi hat fansels ek in hekel oan de NRC, mar ûnder betingst dat hy it ynterview sels filmje mocht foar syn YouTube-kanaal, is hy akkoart gien. Dat filmke stiet sûnt juster online, en duorret trije oeren en trijentweintich minuten. Binnen tsien sekonden stiet der in d/t-fout fan basisskoalnivo prominint yn byld.

Tilasmi praat elokwint. De earste fraach dy't de NRC-ferslachjouwer stelt is wêrom't Tilasmi it sa op de NOS foarsjoen hat. Tilasmi stekt fan wâl mei dat it altyd oer jild giet. Hoe't banken jild út neat meitsje, hoe't it grutkapitaal ús massaal foar syn karke spant, hoe't Stichting Ons Geld, de WRR en teätergroep De Verleiders dat útlein ha; hoe't hy dêr yn 'e ynternasjonale media al oer lêzen hat, mar dat de NOS, betelle mei ús belestingsinten, dat net brocht hat.

Tilasmi makket in hiel reedlike yndruk. Kreas himd, kreas jaske, in designerbril dy't hy sa no en dan op 'e holle set, en in rêstige, freonlike toan. Tilasmi hat syn namme krigen doe't hy alve wie en syn mem har oansleat by in Bagwan-commune. Dêrfoar hjitte hy Ronald. Nei de HAVO wenne hy in skoftke yn kraakpannen. Dêrnei fertsjinne hy as timmerman de kost. Hy hie in appartemint, mar troch de krisis rekke hy dat hûs kwyt. Hy liet him útskriuwe en gie yn in caravan wenjen. Dat is de boarne fan syn krityk op it monetêre systeem.

Mar hy kriget ek oare ideeën. Foaral de Joaden krije de skuld fan dea en ferdjer. Op Facebook en YouTube ferspriedt hy syn ideeën, mar it leveret earst neat op. Oan't 'NOS = FAKE NEWS'.

Dan ynienen komme Thierry Baudet en Arnold Karskens yn Tilasmi syn libben, dy't it prachtich fine. In senator fan FvD wol mei him prate, en hy wurdt ynienen benadere troch in hantsjefol Russen. Der komt wat jild binnen troch syn aksje. En dat is moai foar him, want hy hat safolle skulden yn Nederlân, dat hy der in rekken yn Dútslân op nei hâlde moat.

Ik koe dit ynterview mar net fan my ôf sette. Ik tink net datst de NOS 'fake news' neame moatst; oeral wurde fouten makke en ik ken echt wol mindere nijsboarnen. Mar ast lykas dizze Tilasmi sa mangele bist troch it systeem, ast gjin oare basis hast as de happy clappy Bagwan, en ast dêrnei troch in pear grutte nammen op it skouder kloppe wurdst, dan kin ik it my allegearre wol yntinke.

Dat is wat oars as goedkarre. Mar dat der min mei minsken sûnder jild omgien wurdt, kinst hast deistich yn 'e krante lêze. Ik bin krekt benaud genôch om yn 'e goate te einigjen, om my wat by Tilasmi syn wrâld foar stelle te kinnen. Dus ik wol him net útlaitsje om in d/t-flater. En yn dizze tiid fan demokratisearre media kinst net mear ferwachtsje dat de fermangelden harren mûle hâlde.

Ik bin al sa frij om te konstatearjen dat anty-systeem-tinken ek tsjustere kanten hat. De Tilasmi's fan dizze wrâld moatte harren net foar oare karkes spanne litte, troch bygelyks dubieuze jildsjitters. Want dan binne se úteinlik noch minder ôf."

(advertinsje)
(advertinsje)