Wurk oan sinnepark Easterwâlde giet troch, Miljeufederaasje fernuvere

09 jan 2020 - 07:22

Der wurdt wer wurke oan it sinnepark by Easterwâlde, wylst de rjochter dat ferbean hat. Dat seit de Fryske Miljeufederaasje. De rjochtbank hat yn desimber útsprutsen dat it wurk oan it sinnepark fan GroenLeven fuortendaliks stillein wurde moast.

It plan foar it sinnepark yn Easterwâlde - Foto: The Imagineers

"Sinds afgelopen maandag wordt er weer volop gewerkt aan het park", seit Arnaud de Vries fan de Fryske Miljeufederaasje. "Het is ook een tijdje stil geweest na 19 december, toen de rechter uitspraak deed. GroenLeven is sinds maandag weer bezig met het aanvoeren van zonnepanelen en het aanleggen van kabels."

En dat wylst de rjochter sein hat dat der goed sjoen wurde moat nei de skea dy't it sinnepark tabringt oan de natuer en it lânskip, en ek dat der in ferkearde proseduere folge is.

Arnaud de Vries fan de Fryske Miljeufederaasje

Neffens GroenLeven hâldt it bedriuw him gewoan oan de útspraak fan de rjochter. De wurksumheden dy't se no útfiere meie gewoan op it plak dêr't dat no wer bart.

"Juridische randjes opzoeken"

Arnoud de Vries: "Ze zoeken de juridische randjes op, terwijl wij GroenLeven vergen op hun maatschappelijke verantwoordelijkheid om nog even te wachten met verdere werkzaamheden. De rechter heeft al laten doorschemeren dat dit park eigenlijk niet aangelegd had mogen worden. We zien al de hele tijd dat GroenLeven gewoon doorduwd."

'It wurk giet troch en dat mei'

It kloppet dat der wurke wurdt oan it sinnepark by Easterwâlde, seit GroenLeven wurdfierder Maarten de Groot. "Dat mag ook gewoon van de rechter. Er zijn twee vergunningen. Een daarvan, die van de uitbreiding van het park, is geschorst." Hy ûntkent dat der wurke wurdt op de stikken lân dêr't de útwreiding op komme moat: "We zouden wel gek zijn ons niet te houden aan de uitspraak van de rechter."

Neffens de Groot hat de rjochter him ek net útlitten oer oft it park al of net oanlein wurde mei. De útspraak fan de rjochter is basearre op de diskusje oft it foech foar de oanlis by it ministearje of by de gemeente leit. It bedriuw sil kontakt opnimme mei it ministearje en tinkt dat der gjin problemen komme by de fierdere oanlis fan it sinnepark by Easterwâlde. De Groot: "Dit is een formaliteit."

(advertinsje)
(advertinsje)